Bûterstrjittebrêge

Ut Wikipedy
Bûterstrjittebrêge
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente De Fryske Marren
plak De Jouwer
adres Bûterstrjitte/It Sân
bysûnderheden
type bouwurk Flapbrêge
oerbrêget De Kolk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 18206
kaartsje

De Bûterstrjittebrêge is in ryksmonumint op De Jouwer.

De ophelbrêge oer de Kolk ferbynt de Bûterstrjitte mei It Sân. De houten flapbrêge oan de ein fan de Bûterstrjitte stiet op draachkonstruksje (hamei) mei in heal ôfsluten trochgong.

De Kolk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It wetter De Kolk wie eartiids in drok wetter. Hjirwei giene kofskippen nei Hamburch en de Eastsee. Der wiene skipswerven en in libbene hannel yn bier, klokken en koper. By It Tolhûs moasten skippers it havenjild betelje.[1] De ophelbrêge by it Tolhuis is letter ferfongen troch in fêste brêge oer De Kolk. Oan de noardside fan De Kolk begjint de Jouster Sylroede.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: